NFF 2018
NFF fan de Kulturele Haadstêd. Twa dagen langer as oars. Wat ik ek noch sjoen ha: 'Gruttopia' en 'Myn belibbing fan Fryslân'. Gruttopia is in prachtige doku oer de tebekgong fan it tal skriezen (Ingelsk: godwit) en it projekt 'De kening fan 'e Greide' mei Sytze Pruiksma en Theunis Piersma. De oare film is neffens my minder goed slagge. It giet om in dokumintêre fan goed in oere mei fraachpetearen mei tsien bekende Friezen. Fol herhellingen yn tekst en byld. Dat leit him net oan de ynterviewden mar oan de makker, dy't mei in fragelistke by syn respondinten delgiet, krekt as in middelbere skoallelearling dat docht yn in reportaazje foar de skoalkrante. Wat der dus útkomt is in frij oerflakkich ferhaal sûnder refleksje en net meinimmend. Yn de Rânestêd hie sa'n produkt tinkt my gjin poadium krigen. De wurdearring op de NFF-site komt út op 8,33. Hoe kin dat sa heech? Miskien omdat it in premjêre wie en de seal fol siet mei minsken dy't nei-ferbûn binne mei makkers en ynterviewden? En dan noch dit: It Frysk hjit nêst it lânskip it belangrykste skaaimerk fan Fryslân, mar de 6 Frysktaligen (fan de 10) fertelle alles yn it Heechhaarlimmerdyks. In miste kâns! Greg Shapiro docht it tsien kear better mei syn 'Fascinating Friesland' út 2013.
List activity
93 views
• 0 this weekCreate a new list
List your movie, TV & celebrity picks.
19 titles
- DirectorAndreas DalsgaardStarsSøren Haslund-ChristensenMichael Haslund-ChristensenMarianne Haslund-ChristensenMichael looks, with his father, for the truth about his paternal grandfather Henning Haslund, who was a spy, an arms smuggler and explorer at the turn of the last century, in the great international expedition to north-western China.2018-11-06 Publykswurdearring: 6,25. Moaie dokumintêre oer markante âlde Deen dy't mei syn soan op syk giet nei syn heite spoaren yn Sintraal-Azie. Dat wie de ûntdekker Henning Haslund, dy't yn it Ynterbellum by de Torgut-Mongoalen wie. De heit is in markante en sterke man mei in protte libbenswysheid. De Torguts binne wiis mei de komst fan de Denen: troch de kulturele revolúsje is in portte fan har erfgoed ferneatige. Wat ek opfalt is it gebrûk fan thúsfilms út de jierren fyftich en sechstich om de jeugd fan de soan te yllustrearjen. Krekt as by 'Magnus'.
- DirectorAli AbbasiStarsEva MelanderEero MilonoffJörgen ThorssonA customs officer who can smell fear develops an unusual attraction to a strange traveler while aiding a police investigation which will call into question her entire existence.2018-11-06 Publykswurdearring: 7,36. Sjoen mei Tsjalline. Iepeningsfilm NFF. Nare film. Soarte fan realistyske-fantasy mei trollen. Yn it begjin wol boeiend, oer Tina en har mysterieuze rol by de dûane, mar ik heakje ôf as der te folle in djippere laach yn oanbrocht miend wurde te moatten. Trollen dy't sizze dat minsken net doge en dat se dus gemeen en yslik wurde meie nei minsken ta. Trollen dy't ûntsteane troch in gromosoom-ôfwiking. En wat gebeurt der krekt mei de baby fan de buorlju? En hoe sit it mei dat babybernepornogedoch? De regisseur hat himhar deryn fertiisd.
Dit is al de twadde kear achter inoar dat it NFF sa'n mislearre noardske sf/fantasyfilm hat, ferline jier mei 'Thelma' ek al sa'n misser. Wêr binne de tiden fan de prachtige Italjaanske iepeningsfilms as 'La grande bellezza'? Wêr binne de tiden fan de prachtige Italjaanske films überhaupt?? En wêr is it programma-ûnderdiel 'Insight Europe'? Ik wol graach films fan West East Noard Súd, net allinne mar noardlike films: dat is myn W E N S! - DirectorOlmo OmerzuStarsTomás MrvíkJan Frantisek UherEliska KrenkováTwo mischievous adolescent boys embark on a journey of imaginative misadventure and coming-of-age self-discovery, in Olmo Omerzu's road-trip comedy celebrating the need to indulge the innocence, impulsiveness, and irrepressibility of youth.2018-11-07. Publykswurdearring: 6,38. Moaie roadmovie yn Tsjechië. Smoarch lânskip, grize loft. Haadrolspiler is mingeling fan hurde boef en jonge mei gefoel foar bg. de hûn en foar syn pake. Oan de ein ûntsnapt er út it polysjeburo. Moai stikje Tsjechyske humor, op it rântsje fan kolder.
- DirectorChristian TafdrupStarsAnders JuulAmanda CollinRasmus HammerichWhen Rasmus meets Marie, he is certain that she is the love of his life. However, it doesn't take long before it turns out she is a possessive and manipulative being, that cunningly dissects Rasmus to pieces.2018-11-06. Publykswurdearring: 8,18. Modern relaasjedrama. De relaasje set útein mei hearkike seks, mar as se by him ynlûkt nimt se alles oer en sakker hy fuort yn neatigens. Oan de ein hawwe se in bern en skikt hy him yn syn servile rol. It klassike patroan omkeard.
- DirectorEgle VertelyteStarsEgle MikulionyteVyto RuginisAndrius BialobzeskisClose to bankruptcy, Irena, the owner of a struggling pig farm in a tiny post-Communist town finds a surprising benefactor in a handsome American man who appears to be the answer to all her prayers.2018-11-07 Publykswurdearring: 6,64. Al wer dy Eastjeropeeske 'grauwsluier'. Mar dy ferdwynt sagau't de Amerikaanske Litouwer Barsabas yn byld komt. Der wurdt ek in soad Russysk praat yn dizze film. De taalferhâldingen yn films ûntkomme jin wolris trochdat alles yn it Ingelsk ûndertitele is.
- DirectorRoman BondarchukStarsSerhiy StepanskyViktor ZhdanovKhrystyna DeylykAfter several strange coincidences, Lukas, translator, who works for OSCE, strands in the southern Ukrainian town of Beryslaw. As involuntary guest of his strange host Vova, Lukas is confronted with a totally new universe, in which life seems to be completely detached from any kind of structure. Despite his initial animosity, Lukas gets more and more fascinated by Vova as well as by his daughter Marushka - and finally starts his own quest for a long ago lost happiness.2018-11-08 Publykswurdearring: 7,08. Lukas út Kiev leart it Oekraynske plattelân kennen. In absurde en hurde realiteit. Hy fynt gastfrij ûnderdak by Vova, in eardere fiskkooperaasjedirekteur, dyt niks mear hat as syn hûs oan de stuwmar, syn mem dyt him op 'e hûd sit en syn bloedmoaie dochter Marushka. Jout moai byld fan in tryst lân yn oarloch, dêr't earlike minsken as Vova skraabje om ‘e kant. Fantastysk iepeningsshot fan skip dat ûnder de brêge troch fart, rjocht fan boppen nommen. In soad sênes spylje yn de simmer by deiljocht. Dêrtroch mist dizze film de typtsk Eastjeropeeske sombere toan. Mar de suterigens fan de materiële kultuer is like grut.
- DirectorKasper KalleStarsBaard OweRudi KøhnkeKaren-Lise Mynster1648. King Christian IV of Denmark is dying. Weak and feeble, he travels towards Copenhagen by horse and carriage to see his beloved capital one last time. Along the way, Christian sends for his former wife, Kirsten Munk, whom he has held captive for several years following their violent divorce. Christian wants Kirsten to sign a document that states her acts of betrayal against him, hoping that it will restore his good name, and in return, he promises to set her free. But once reunited with the woman he both loves and loathes, the past is set on fire. The film dives into the tempestuous marriage between Christian and Kirsten, from their falling in love to bitter hatred, through sin, jealousy and reconciliation.2018-11-09 Publykswurdearring: 8,47. Moaie tradisjonele film oer kening Christian IV en syn relaasje mei Kirsten, twadde frou dy't him ûntrou west hat. It is 1648, de âlde kening sjocht werom. De film hat in sekere monotony omdat hast alle sênes dialogen binne yn in koets. De flashbacks binne klisjeemjittich werjûn. De ûntknoping is ferrassend en it ferhaal op himsels nijsgjirrich.
- DirectorBenedikt ErlingssonStarsHalldóra GeirharðsdóttirJóhann SigurðarsonJuan Camilo Román EstradaHalla becomes a determined environmental activist, but this threatens a long-held hope of hers.2018-11-09 Publykswurdearring: 9,00. Mei Tsjalline. Hearlike film: humor, in frou yn de rol fan Robin Hood, in moaie plot en hjir en dêr krekt even net-realistysk. En fansels it prachtige lânskip fan Yslân, alteast, as de sinne der op skynt. Oars is it freeslik.
- DirectorStijn ConinxStarsJan DecleirViviane de MuynckMo BakkerIn one fell swoop, nine-year old David Van de Steen lost his mother, his father and his sister in an attack by the Brabant Killers in Aalst. His grandfather, Albert, has the well-nigh impossible task of giving David a new perspective on life, a future.2018-11-09 Publykswurdearring: 8,38. Sjoen mei Hilda. ‘Waargebeurd verhaal’ stiet daliks by de begjintiteling. Nei it drama fan de moarden yn de Delheize Supermerk yn 1985 giet it ferhaal benammen oer garaazjehâlder Albert Van den Abiel, dy’t syn pakesizzer David ûnthjitten hat dat er de boeven foar it gerjocht bringe sil. Oan de ein, yn 2010, moat er erkenne dat him dat net slagge is. Der binne te folle belangen mei anneks yn it systeem dy't dat tsjinwurkje. De film einiget mei in prachtige taspraak fan Albert yn de ûndersykskommisje. in film as in oanklacht!
- DirectorIsabella EklöfStarsVic Carmen SonneLai YdeThijs RömerA love triangle featuring the trophy girlfriend of a petty drug lord, caught up in a web of luxury and violence in a modern dark gangster tale set in the beautiful port city of Bodrum on the Turkish Riviera.2018-11-10 Publykswurdearring: 5,77. Yn guon sênes in medogenleaze film. Dit is de mainstreamfilm dêr’t ik foar it earst sa’n gewelddiedige, ekspilsite neuksêne yn sjoen ha. Is dit de echo fan porno? De film jout wol de sfear en de mores wer fan de leafdeleaze wrâld dêr’t it om jild en kokaïne giet. Machtswellust. It klubke Denen dêr’t Sascha by heart bestiet út proleten. Alteast, de alfa-gorilla en syn helpers. De froulju skikke har, de bern binne noch ûnskuldich. It proleterige blykt ûnder oare út in sêne dêr’t de Denen mei hún en mislediging in man fuortjeie dy’t op it terras klaget oer har lûdsoerlêst. oan de ein blykt dat Sacha har deljout yn dizze wrâld en krekt sa'n hont wurdt as sy.
Kertier foar de ein bin ik derút rûn, omdat ik miende dat ik oars te let komme soe foar de folgjende film... dat wie in nuver tafal. De ôfrin hearde ik letter fan Bauke.
De Accentseal fan De Harmonie siet aardich fol. Ut en troch rûnen in pear minsken derút. Dat meitsje je tsjintwurdich net sa faak mear mei, dat minsken derút rinne by in film. Der binne folle mear films mei geweld en minne types. Moard, marteling. Wat makket dizze film dan minder as oare sokke? Neffens my it realistysk karakter dêrfan. Dat is dan miskien ek it pluspunt, it lit sjen dat dizze wrâld bestiet. Wisten wy dat dan noch net? Ik lies op IMDB it kommintaar by de film 'Irréversible' út 2002, dêr spylje deselde arguminten.
Wêrom rint eins gjinien út in film as dêr immen yn martele of fermoarde wurdt, en no wol as in frou eksplisyt ferkrêfte wurdt? Wat tinke al dy froulju yn de seal dy’t gewoan sitten bliuwe? Tsja, wat tinke swarten by in film oer slavernij? - DirectorIngmar BergmanStarsMax von SydowGunnar BjörnstrandBengt EkerotA knight returning to Sweden after the Crusades seeks answers about life, death, and the existence of God as he plays chess against the Grim Reaper during the Black Plague.2018-11-10 Publykswurdearring: 7,28. Mei Tsjalline yn Slieker. Moaie nije swartwytkopy, remastered. Taalgebrûk is djipsinnch. Lêzen fan de Ingelske ûndertitels liedt ôf fan it byld. Prachtich, it skaakspul mei de dea. De Ridder ferriedt ûnbedoeld syn strategy as er bychtet want de Dea is dan de bychtfaar.
- DirectorSimo HalinenStarsSamuli VauramoDavid NzingaLaura BirnThe lives of three troubled people are connected by accident when they are faced with moral questions.2018-11-10 Publykswurdearring: 8,31. Plotkonstruksje is yn it begjin wat betocht (hoe ferbine wy de libbenslinen fan de trije haadpersonaazjes?). Mar fierder moai útwurke, genôch spanning en twisten yn de fierdere ûntjouwing. Film einiget mei katarsis. Swarte man is Angolees dy't út en troch Portugeesk praat, mar ik ferbyldzje my dat er in kear in Braziliaansk aksint hat.
- DirectorErik PoppeStarsAndrea BerntzenAleksander HolmenSolveig Koløen BirkelandA teenage girl struggles to survive and to find her younger sister during the July 2011 terrorist mass murder at a political summer camp on the Norwegian island of Utøya.2018-11-10 Publykswurdearring: 9,08. Spannende rekonstruksje út it perspektyf fan ien famke, Kaja. Yn it lêste shot blykt dat har suske it wol oerlibbe hat. Dat is troch it drama hinne Kaja har doel: har suske fine. Film sûnder muzyk! Bedoeld as warskôging tsjin rjochts-ekstremisme.
- DirectorMax LunterStarsFreek den HartoghPhi NguyenBart HarderThe story of Marcus, a one-time child prodigy who, after a nervous breakdown, gets lured back into the world of his old friends: eight idiots of grandeur who think it is their time to conquer the world.2018-11-06 Publykswurdearring: 7,14. Koarte Film yn Noorderkroon mix #1. Spilet yn Ljouwert. Earste shot fertelt (symboalysk) it ferhaal fan de bou fan de Aldehou. Dan giet it oer in man dyt weromkomt yn de stêd en dyt troch elkenien meisleept driget te wurden yn elk syn projektplannen. Moai bytsje absurd mei treflik aktearwurk.
- DirectorAnna van KeimpemaStarsArno BakkerTommie FrekeBianca Krijgsman2018-11-06 Publykswurdearring: 7.03. Koarte Film yn Noorderkroon mix #1. In auto mei trije muzikanten komt sûnder bezine op ‘e Grinslânske romte. Se fine ûnderdak foar de nacht by in echtpear dat in protte negative leafde foar inoar fielt. Bytsje absurd. Wol moai. Mar de plattelânsbylden binne oeral itselde.
- DirectorKoldo AlmandozAsier AltunaLuiso BerdejoStarsMarta EturaBárbara GoenagaMiren IbargurenTwelve short films, twelve portraits of the city of San Sebastián.2018-11-11 Publykswurdearring: 8,24. Mei Tsjalline yn Slieker. Tolve koarte films oer Donostia. Prachtich mozayk. Absolút gjin toeristyske promo. Titel betsjut: it each fan de strjitte.
- DirectorPernille Fischer ChristensenStarsAlba AugustMaria BonnevieTrine DyrholmBiopic of Swedish writer Astrid Lindgren, the author of numerous children's books and creator of Pippi Longstocking.2018-11-11 Publykswurdearring: 9,22. Libbensferhaal fan Astrid Ericsson (troud mei Lindgren) oant har houlik. Se hat dan al in jonkje fan fjouwer út in relaasje mei de haadredakteur fan de lokale krante dêrt se as 18-jierrich famke komt te wurkjen. De film set har del as in wat opstannich, frijfochten en fantasyryk famke mei frissels a la Pippi. Op har achttjinde knipt se dy derôf. De mem is in stûfe en rigide leauwige frou. Der wurdt yn de âlden wer it bekende klisjeebyld fan ortodokse kristenen delset. It aktearwurk fan Alba August is fenomenaal. Ik moast tige sterk oan Sjoukje tinke.
- DirectorHeikki KujanpääStarsMartti SuosaloJani VolanenLeena PöystiIn a detention camp in 1918, a group of Finnish actors are sentenced to death. When an important German general arrives, the camp's vicious commandant forges out a cruel plan: the imprisoners have to perform a comedy - and if they can make the visiting general laugh, they will be spared. A story about zest for life and power of laughter. Based on true events.2018-11-11 Publykswurdearring: 8,03. Mei Rindert. Slotfilm NFF. Spilet yn de simmer fan 1918 yn in gefangenkamp fan de oerwinners fan de Finske boargeroarloch. De finzenen binne sosjalisten. Aardich, mar neat bysûnders. Soad opnames yn it tsjuster. Ik hie mei KH2018 in spetterjender slotfilm ferwachte, lykas earder 'Yasmin' of 'The human stain'.
- DirectorAitor ArregiJon GarañoStarsJoseba UsabiagaEneko SagardoyIñigo AranburuA story about the world's tallest man, this is an unsettling Basque-language period drama focused on sibling rivalry.2018-11-07. Publykswurdearring: 7,57. Boeiende mar trage film oer de reus Joaquim dy't bekend waard yn Baskelân en fier dêrbûten om 1840 hinne. Syn langte ca. 2 m 40. Ferhaal is meinimmend, mei soad tragyk. Haadrolspiler (broer Martin) fyn ik hiel flak spyljen. Moaie symbolyk mei de wolf: oan it begjin fan de film fynt J. in wolfsjong. Pas op, aanst kont de mem, warskôget Martin. Dat is ek sa, mar earst oan de ein fan de film.